Wommels – Fan 1 augustus ôf is yn museum ‘It Tsiispakhûs’ yn Wommels in nijsgjirrige útstalling te sjen.
Byldzjend keunstner Jehannes Hibma út Wommels lit dan wurk sjen dat hij spesjaal foar dizze eksposysje oan it meitsjen is. Syn wurk kriget as tema mei; “Ik haw in stien yn de Boalserter feart ferlein…..”, basearre op “De Steen” fan Bram Vermeulen. Te sjen binne bylden en objekten fan steapele aaidoazen, mar no ek yn kombinaasje mei materialen sa as hout, stien, stiel en oare materialen. Fierder binne der foto’s te sjen dy oanslute by it tema en it brûkte materiaal.

Dat Hibma in alsidich keunstner is blykt út in besite oan syn atelier. Hij makket der bylden út alderhande materialen, fierder binne dêr sieraden, makke út stien, te sjen en hij hâldt him ek dwaande mei de teken- en skilderkeunst.
Sûnt in jier hiert hy in romme bedriuwsunyt op it bedriuweterrein oan De Iisbaan yn Wommels. Neist it jaan fan byldhouwlessen en workshops is hij dêr dwaande mei it meitsjen fan bylden út ferskate materialen.

Oan it wurk fan Hibma is te sjen dat hij in monumintale eftergrûn hat. De tsiental jierren dat hij aktyf west hat as dekôrbouwer is dan ek in moaie bykomstichheid om ta nije foarmen en ideeën te kommen. Omdat hij him de lêste jierren mear talizze woe op it byldhouwen, hat hij de twajierrige dieltiid oplieding folge bij it Byldhousintrum fan Herma Bovenkerk yn Koudum. Hjir hat hij him ferdjipje kinnen, net allinne yn alderhande fasetten fan it byldhouwen mar ek yn tekenjen, skilderjen en fotografy. Yn 2012 hat hy dizze oplieding mei sukses folbrocht.

Fantasijrike bouwurken

Sûnt rom in jier is Jehannes Hibma ûnder oare dwaande mei syn ferneamde aaidoazeprojekten. Hij makket út steapels doazen de meast fantasijrike bouwurken dy alle kearen wer op ’e nij ta de

ferbylding fan de taskôger sprekke. Syn earste eksposysje mei dit ûnderwurp hat hij hâlden yn de maaitiid fan 2012 yn de tsjerke fan Bears en de poarte fan Uniastate. Dernei wie hij yn oktober fan datselde jier te sjen op it Greidhoek’ festival yn Wommels Yn maaie fan dit jier hat hij mei in projekt dielnommen oan ‘Kunst Achter Dijken’ yn it doarpshûs yn Penjum. Ek mei de Keunstrûte Littenseradiel wie in lyts part fan syn wurk te sjen.

In nije searje objekten binne binnenkoart foar eltsenien te sjen yn museum ‘It Tsiispakhûs’ yn Wommels. Dizze útstalling, dy duorret fan 1 augustus o/m 27 oktober, sil iepene wurde troch Herma Bovenkerk, direkteur van “Beeldhouwcentrum Koudum”.

It museum is, útsein de moandeis, alle dagen iepen fan 13.30 – 16.30 oere.
Op de ferdjipping is in permaninte suveleksposysje te sjen oer de skiednis fan de suvel yn de gemeente Littenseradiel.